Oerlisside Dizze side is bedoeld foar oerlis, fragen en opmerkings oer it Wikipedy-projekt. Wy hawwe ek in gasteboek foar ús gasten en in kommentaarside foar algemiene fragen oer de Wikipedy.
De Mienskipside is der foar meidoggers, en minsken dy't dat wurde wolle.
Wolkom yn de kroech fan de Fryske Wikipedia Hjir kin men mei elkoar prate oer alles oangeande de Wikipedia, mar ek gewoan babbelje oer oare dingen. Foar ferhite diskusjes kin men it bêste in privee-oerlis sykje fia IRC, privee-email of messengerservices.
Betink foaral rêstich te bliuwen wannear't it der hyt oan ta giet en kom persoanlike oanfallen te foaren; besjoch ek de Wikiketteside. As jo yn in ferhyt debat binne mei ien en jo komme der net út, nim dan kontakt op mei in pear neutrale Wikipedianen om te middeljen.
Welcome, willkommen, bienvenue, etc. This is the dicussion page (tavern or village pump to some) of the Frisian Wikipedia. Feel free to ask any questions you would like to ask. Please do not use bad language here, if you are in a heated debate with someone please go to IRC, use private mail, or resort to chat.
@Mysha, graach dien, hjer. De koördinaten kinne jo ek oernimmen fan de Nederlânske side. @RomkeHoekstra, ik begryp net wêrom't Geohack no net wurket. Ik seach it no ek krekt. It wurke foarhinne al. Ik sjoch sa gau it probleem net. Is der immen dy't it wit? Kneppelfreed (oerlis) 12 des 2025, 20.38 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en RomkeHoekstra: As it op nl: wol wurket, dan is der faaks by Geohack wat feroare wêrtroch it koördinateberjocht by ús (dat oars is as it koördinateberjocht op nl:, seach ik) net mear goed wurket. Mar hoe't je dat reparearje kinne sûnder dat je alle siden by del moatte dêr't it berjocht op brûkt wurdt, dat soe ik net witte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 des 2025, 20.55 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en RomkeHoekstra: @Ieneach fan 'e Esk (Ik wit net krekt wêr't der stiet wat it ferskil is tusken "Ping" en "@".) Is it allinnich by ús in probleem? Of hawwe oare W: dat probleem en hawwe dy it oplost? Mysha (oerlis)
@Drewes, Kneppelfreed, en Ieneach fan 'e Esk: Om't it probleem noch jimmeroan net oplost is, ha ik oan ChatGPT frege wat it probleem wêze kin. Neffens ChatGPT hat de Frysktalige wikipedy gjin eigen konfiguraasje ynsteld om koördinaten fuort troch te stjoeren nei in kaarttsjinst. It hat te krijen mei in ûntbrekkende of oare ynstelling en net mei in bug. Soks soe oankaarte wurde kinne op Phabricator (it bug-/taaksysteem van Wikimedia). Dat kin sa en ik tink dat ien fan 'e behearders dat it bêste dwaan kinne:
De folgjende tekst tekst kin yn it berjocht plakt wurde.
Title: fywiki: Coordinates link to GeoHack instead of opening a primary map service
Description: On the Frisian Wikipedia (fywiki), clicking on coordinates in articles always redirects to GeoHack (toolforge.org), instead of opening a primary map service (e.g. OpenStreetMap) directly.
This differs from other Wikipedias such as nlwiki, where coordinates open a map directly and GeoHack is only used as a secondary tool.
It appears that fywiki does not have a “primary map service” configured for coordinate links, causing the default GeoHack redirect to be used.
Expected behavior: Clicking on coordinates on fywiki should open a primary map service directly (e.g. OpenStreetMap), similar to nlwiki and other Wikipedias.
Possible solution / investigation: Check whether fywiki has a primary map service configured for coordinates (MediaWiki / Kartographer / Wiki configuration).
If missing, align fywiki’s behavior with other Wikipedias by setting a default map service.
Romke, de lêste berjochten oer AI, is dat y alle gefallen, in tredde fan de antwurden ferkeard is. Om't by Abdij fan Cluny de koordinaten net funksjonearje, moat ik oannimme dat it antwurd wat jo hân hawwe yn dy tredde sit.
@RomkeHoekstra, Drewes, en Kneppelfreed: Ik haw hjir ris even nei sjoen, mar se wolle by Phabricator myn meidoggersnamme net akseptearje om't der in apostrof yn sit. No kin ik foar dizze webside fansels in oare meidoggersnamme betinke, mar ik haw oer dit ûnderwerp sa'n bytsje doel, dat as ik fragen krij, ik dy net beäntwurdzje kinne soe. Ik brûk dy koördinaten noait en ik begryp earlik sein mar heal wat it probleem is. De keppeling wurket blykber net mear goed, dat is alles wat ik oant no ta begrepen haw. @Kneppelfreed:, jo hawwe hjir okkerjiers de hiele programmatuer fan 'e posysjekaarten ynsteld, dat dit seit jo nei alle gedachten mear as my; is dit ek wat dat jo oppakke kinne? As jo net wolle, sil ik it wol dwaan, mar dan taast ik folslein yn it tsjuster. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 des 2025, 12.31 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra, ik haw it dêre op it aljemint brocht, dus sil sjen wat dêr fierder út komt. Mar earlik sein giet soks mei ek boppe de pet. Ja, ik haw okkerjiers de posysjekaarten oan 'e praat krigen, mar dat wie mear in kwestje om de juste berjochten yn de wikipedy oan te meitsjen, en dat wiene der noch al wat, om dy posysjekaarten oan it wurk te krijen. Dit is in kwestje foar yn 'e Wikimedia dêr't ik fierders alhiel gjin ferstân fan haw. Kneppelfreed (oerlis) 19 des 2025, 20.15 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed: Tige tank foar jim krewearjen. Eefkes ôfwachtsje wat der no bart. It soe moai wêze as wy dit wer oan 'e praat krije. Eefkes in fraach: binne der ek kontakten mei wikipedia dat wy harren freegje kinne oer saken dêr't by ús de kennis tekoart komt? Wy binne hjir no ienris in hiel kwetsber klubke.--RomkeHoekstra (oerlis) 19 des 2025, 22.12 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, en Drewes: Ik praat fanút in stik ûnkunde en bin gjin behearder en wit ek net hokker tools jimme ta jim beskikking ha, mar is it dan net handich om earne in dielplak te hawwen dêr't jimme dizze kennis meiïnoar diele kinne? It soe spitich wêze dat de boel hjir op 'e kont leit as ien foar in skoft neat dwaan kin of omfalt of gewoan gjin nocht mear oan it wurk hat en elkenien mar omgriemt om't dêrmei de kennis ferdwûn is.--RomkeHoekstra (oerlis) 20 des 2025, 09.17 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: No, safolle tools mear as jo hawwe wy net. Wat wy dogge, ferskilt eins net safolle fan wat josels ek al dogge, allinnich kinne wy as behearder siden wiskje, skoattelje en ûntskoattelje en meidoggers útslute. Mear is it eins net. Wat jo sizze oer it dielen fan kennis, dêr hawwe jo wol in punt. Mar ik soe sa ien, twa, trije net witte wêr't wy sokke dingen krekt opskriuwe kinne dêr't behearders fan letter it weromfine kinne as se der ferlet fan hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2025, 01.29 (CET)Beäntwurdzje
Dit wie it antwurd dat ik fan wikimedia weromkrigen ha:
Hi @Kneppelfreed, thanks for taking the time to report this and welcome to Phabricator!
User scripts, gadgets, templates, modules, custom CSS are local on-wiki content. Local content is managed independently on each wiki, by each wiki community themselves.
Phabricator is mostly used for MediaWiki, MediaWiki extensions, or server configuration, or by developers and teams to organize what they plan to work on.
If you are looking for help with the local code on a wiki, please see https://meta.wikimedia.org/wiki/Tech instead.
This needs fixing on the local wiki by editing its local content. Thus I am closing this task here - thanks for your understanding!
Moai, no dan witte wy dat wy dêr net wêze moatte en it sels oplosse moatte. Ik ha fan 'e moarn in hiel skoft mei ChatGPT oan 'e gong west en nei lapen tekst en hinne en wer geskriuw binne wy der tink út (it lestige is dat ChatGPT nochal ris ferkearde folchoarders oanhâldt en somtiden wurden brûkt dy't ik net kin/koe). Mar om koart te kriemen leit neffens ChatGPT de oarsaak fan it probleem by it berjocht, dat streekrjocht nei GeoHack ferwiist. No moat der foar de oplossing earst in systeem- of ynterfaceberjocht oanmakke wurde (dêr ha ik gjin rjochten foar, dus dat sil troch ien fan jimme dien wurde moatte. Sa'n ynterfaceberjocht wurdt as folget oanmakke (mei format MediaWiki:Koordinaten-yn-tekst-label):
stap 3: plak dêr de platte tekst: Toant de koördinaten fan dit plak as klikbere kaartlink mei Kartographer.
stap 4: opslaan.
It berjocht is no beskikber foar alle berjochten of funksjes dy't it Koordinaten-yn-tekst-label brûke. As dat dien is sjoch ik as it berjocht:koördinaten yn tekst oanpast wurde moat (dêr ha'k leau ik wol rjochten foar).--RomkeHoekstra (oerlis) 21 des 2025, 12.52 (CET)Beäntwurdzje
As jo miene dat jo it sels oplosse kinne, is my dat bêst, mar ik fyn dat jo tefolle fertrouwe op ChatGPT. Sels haw ik earlik sein nul fertrouwen yn sa'n a.i.-programma. "Hallusinearje" is net foar neat ta it wurd fan it jier keazen. As ik nei https://fy.wikipedia.org/wiki/MediaWiki:Koordinaten-yn-tekst-label gean en dêr jo tekst opslaan wol, krij ik de folgjende tekst yn byld: "Warskôging: Jo bewurkje in side dy't brûkt wurdt yn de tagongstekst foar it wikiprogramma. Feroarings op dizze side feroarje it oansjen fan de tagong foar oare meidoggers." Sels haw ik gjin idee wat der barre kin as ik hjirmei ompiel. As de hiele Wikipedy it straks net mear docht, binne wy fierder fan hûs, fansels. Hoe wis binne jo fan jo saak? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2025, 15.05 (CET)Beäntwurdzje
Ik ha út it andert begrepen dat dit op de lokale wiki korrizjearre wurde moat troch de lokale ynhâld oan te passen en dat wy dus sels oan 'e slach moatte. Mar dan begryp ik dat dus ferkeard.
Ik wit dat ChatGPT fouten makket en it dus net sa dat ik blyn op dingen yngean (foar de aardichheid moasten jo de hiele diskusje mei ChatGPT ris trochlêze), mar it is ek grutte ûnsin dat ChatGPT neat kin. Wat skriuwt ChatGPT as ik dy warskôging fan jo foarlis: Deze waarschuwing verschijnt altijd bij interfaceberichten. Het is bedoeld om te zeggen: “Denk even na voordat je opslaat.” In jullie geval is de wijziging: één korte zin, zonder code, zonder sjablonen. Dat is zo veilig als het maar kan. Deze waarschuwing is geen signaal dat je “op gevaarlijk terrein” zit — het is MediaWiki dat netjes zegt: “dit is belangrijk”.
Wat ChatGPT skriuwt as ik de benaudens foar AI-hallusinaasje ferwurdzje: "ik begryp de soarch oer AI-hallusinaasje hiel goed. Yn dit gefal giet it lykwols net om nije logika, mar om it ferienfâldigjen fan in interfaceberjocht nei platte tekst, wat neffens MediaWiki-praktyk is. De wiziging is lyts, direkt werom te draaien en feroaret gjin artikelynhâld.
Mar goed, jo binne behearder, ik net. As jo nul fertrouwen ha yn ChatGPT, dan soe ik dit mar gewurde litte. Ik wol nimmen wat oplizze. Ik besykje allinnich mei te tinken om't it in probleem is dat wol om in oplossing freget.--RomkeHoekstra (oerlis) 21 des 2025, 16.08 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, Drewes, en Kneppelfreed: No ja, Romke, ik sil jo fertelle hoe't ik ta myn miening oer A.I. kommen bin. Google jout op 't heden boppe oan 'e side ek in A.I.-berjocht as jo wat freegje. Ik woe fan 'e wike witte wêr't de namme Ptilinopus huttoni wei kaam, de wittenskiplike namme fan 'e Rapajufferdo. Huttoni is dúdlik ôflaat fan 'e Ingelske efternamme Hutton, mar wa wie dy man (want by in frou komt der net -i, mar -ae efter). Dus ik freegje dat oan Google. Dat A.I.-berjocht seit fan: o, dat is William Hutton, in bekende Nijseelânske samler fan spesimina, mei jierren fan berte en ferstjerren derby. No naam ik al neat oan fan A.I. sûnder dat ik it earnewêr oars befêstigje koe, dat ik sykje nei in William Hutton mei de opjûne jiertallen. Nearne wat te finen. Ik trochsykje en nei in hiel soad gedoch fûn ik út dat de do ferneamd wie nei de Britsk-Nijseelânske biolooch Frederick Wollaston Hutton. Der hat, ynsafier't ik útsykje kin, nea in William Hutton mei dat berop en dy jiertallen bestien. Dêr bin ik earlik sein wol wat fan skrokken. Dat sadwaande. (En dat gong ek net om nije logika, mar om âlde kennis.)
Wat it probleem mei de koördinaten oangiet, ik leau dat ik wat yrritaasje by jo opmerk oer myn opstelling (altyd moeilik te sizzen op basis fan skreaune tekst). Ik hoopje dat jo wol foar it ferstân hawwe dat ik jo ynset yn dizze saak tige wurdearje, mar ik hoopje ek dat jo der begrip foar opbringe kinne dat ik huverich bin om om te prutsjen mei programmatuer dêr't ik hielendal gjin ferstân fan haw. Dat ien regel platte tekst it ferskil net meitsje sil, dat wol ik wol oannimme, mar dat makket it ferskil ek net om it probleem mei de koördinaten op te lossen. Jo binne fan doel (of ik moat jo ferkeard begripe) om dêrnei oan 'e programmatuer te sleuteljen. As jo dêr ferstân fan hawwe, bêst genôch. As jo dat poer en allinnich dogge op basis fan 'e oanwizings fan ChatGPT, dan fiel ik my dêr earlik sein net sa noflik by. Ik soe earlik sein wat dit oangiet wol wat ynbring fan 'e oare behearders hawwe wolle. Wat fine @Drewes: en @Kneppelfreed: hjirfan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2025, 16.40 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, Drewes, en Kneppelfreed: No wurket it [Berjocht:Koördinaten yn tekst] sawiesa net. It is de trouwens de fraach of der überhaupt sleutele wurde moat nei it opslaan fan in interfaceberjocht (interface = tagongstekst). Mar dat leart ús it úttesten. Wat ik yn it Berjocht:Koördinaten yn tekst dêrnei ferfange soe, kin ek wersteld wurde, dat liket my net folle oars as mei oare berjochten.
@Ieneach fan 'e Esk: Wat it gebrûk fan A.I. oanbelanget: A.I. hellet syn ynformaasje fan ynternet en ek ynternet is net altiten korrekt. Sjoch nei wat jo hjoed oer BirdLife by it seerotsje skreaunen en ik hie lykas jo dêr ek myn twifel oer. By fragen oan ChatGPT kinne jo nei boarnen freegje, dy jout er dan by it jaan fan in antwurd en dan kinne jo de ynformaasje fuort by de boarne kontrolearje. Jo fregen oan Google A.I. wêr't de namme huttoni yn Ptilinopus huttoni wei kaam. Ik ha gjin ûnderfining mei Google A.I., mar ik ha foar de aardichheid jo fraach suverkrekt oan ChatGPT frege en krige fuort as andert: "huttoni ferwiist nei Frederick Wollaston Hutton (1836–1905), in Britsk-Nijseelânske natuerûndersiker en geolooch" mei ferwizing nei it Ingelsktalige wikipedylemma (Frederick Hutton (scientist).) ChatGPT makket bêst wol fouten (minsken meitsje dy trouwens ek), mar wat ik yntusken wol wit is wat spesifiker de fraach, namste better de antwurden binne. Ik soe jo oanriede dochs ris ChatGPT te brûken (en altiten om boarnen te freegjen).--RomkeHoekstra (oerlis) 21 des 2025, 22.46 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Tankjewol foar de tip. Ik sil der ris oer neitinke. Wat de rest oangiet, as jo tinke dat it miskien mei it opslaan fan dy regel platte tekst klear is, dan wol ik dat wol foar jo dwaan. (Dus dat doch no daliks even.) Mar as der mear gebeure moat, wol ik graach dat jo dêr even mei wachtsje oant Drewes en Kneppelfreed ek har sechje oer dit ûnderwerp dwaan kinnen hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2025, 23.09 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk en @Drewes, ik wol alderearst Romke tige betankje foar jo ynset om dit euveltsje te ferhelpen. Sa't it liket, skynt it allinnich op ús wikipedy net te wurkjen. Ik sjoch by in soad oare wikys wurket it wol. It soe tige moai wêze dat we it hjir ek wer oan it wurk krije kinne. As Romke hjir oan sleutelje wol, dan fyn ik dat poerbêst. Iksels bin in bytsje noedlik om dêr mei om te pielen. As jo, Romke, dat net oan doare, kinne we altyd freegje op dy link dy't Phabricator stjoerd hat: . It liket dat it berjocht feroare wurde moat. By nl brûke se de âlde sjabloan koördinaten, dy't praktysk itselde wie as ús Berjocht:Koördinaten. Wêr't ik bang foar bin, as we it berjocht koördinaten feroarje, we alle siden by del moatte om dy ek te feroarjen.
En wat ChatGPT oanbelanget, dêr haw ik noch net mei wurke, wol mei Google AI, en ik haw dêr mingde gefoelens oer. It sil yn protte gefallen wol goed wêze, mar it kin it somtiden ek ferkeard ha. Kneppelfreed (oerlis) 22 des 2025, 03.21 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, en Drewes: Ieneach hat no in interfaceberjocht oanmakke en der is fierder neat raars bart, lykas ChatGPT al oanjoech. It feroaret lykwols noch neat oan 'e wurking fan 'e koördinaten om't it âlde berjocht noch hieltiten de Geohack-keppeling makket. Der moatte no twa dingen dien wurde: 1. Om't der in lus ûntstiet mei't de namme fan it berjocht en de namme fan it interfaceberjocht meiïnoar botse, moat der A. in nij berjocht oanmakke wurde ûnder de namme Berjocht:Koördinaten yn tekst/Kartographer. B. Yn it âlde berjocht moat in trochferwizing komme. Dat is alles. Wurket it net, dan kin neffens ChatGPT alles weromdraaid wurde: klikke op skiednis, kies de eardere ferzje en weromsette. Eefkes foar jim ynformaasje: ik ha mei ChatGPT sels in pear saken thús oplosse kind, û.o. it werstellen fan it lint yn Word (dat út it byld ferdwûn wie), mei help fan A.I. in skealike pop-up fan 'e computer ferwidere en in skermprobleem mei de mobyl oplost. It foardiel fan ChatGPT is dat er by problemen alles yn stappen trochjout. Ik wachtsje jim reäksje ôf. It soe moai wêze as Meidogger:Drewes as behearder ek eefkes reägearret? RomkeHoekstra (oerlis) 22 des 2025, 09.05 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, en Drewes: Ik haw besocht oft in lokale oanpassing mooglik wie en hie hope dat it hjirmei oplost wie, mar it docht bliken dat de koördinaten djipper yn 'e infoboksstruktuer sitte as ferwachte. Dat soe betsjutte dat der ek yn 'e ynfoboksen sleutele wurde moat en dat giet ek my te fier. Dêrom haw ik de feroaring fan it berjocht Berjocht:Koördinaten yn tekst werom set nei de âlde sitewaasje. It nije Berjocht:Koördinaten yn tekst/Kartographer kin ferwidere wurde lykas ek it interfaceberjocht. Dêrmei binne wy wer by de âlde sitewaasje. ChatGPT advisearret ús op 'e nij Phabricator te mailen om't it in struktureel patroanprobleem is dat dêr thús heart en joech my foar de mail de folgjende tekst.
----
On fy.wikipedia.org we investigated replacing legacy GeoHack-based coordinate links with Kartographer (maplink).
While this initially appears to be a local template change, we found that there is no safe local-only migration path due to how coordinate templates are used.
Current situation:
A single coordinate template is used both:
- inline in article text, and
- inside multiple infobox templates.
The template currently outputs a plain external GeoHack link, which works in both contexts.
Problem encountered:
Replacing the GeoHack link with Kartographer maplink causes:
- template loop errors when maplink looks up interface messages, or
- literal parameter output (e.g. {{{3}}}) in infoboxes, because infoboxes expect plain wikitext, not a rendering tag.
Splitting logic into subtemplates avoids loops, but still breaks infobox rendering.
Fixing this would require modifying infobox templates, which makes the change non-local and affects many pages.
Conclusion:
This suggests a structural limitation: when a coordinate template is embedded in infoboxes, switching from GeoHack (plain link) to Kartographer (rendered maplink) cannot be done safely by editing the coordinate template alone.
We reverted all local changes after testing.
Question:
Is there a recommended migration pattern for wikis where coordinate templates are used both inline and inside infoboxes?
Or is GeoHack currently the only viable option in such cases?
@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk en @Drewes, ja sa't ik al sei, wie ik al bang dat der folle mear by komt te sjen. Ik haw ek even besocht en feroarje it Berjocht:Koördinaten, mar dat fern**kt alle koördinaten op 'e siden en dêr moat nei alle gedachten folle mear berjochten by oanmakke wurde, tink ik. We kinne wer besykje it by Phabricator op it aljemint te bringen, en sjen wat er ditkear weromstjoerd. Kneppelfreed (oerlis) 22 des 2025, 20.57 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed: Ieneach, jo meie dat interfaceberjocht ek eefkes stean litte, it kin fierder dochs gjin kwea en it kin altiten noch fuort. It Berjocht:Koördinaten yn tekst/Kartographer kin fuort en as it nedich is en Phabricator kin neat foar ús betsjutte, dan kinne wy it sa wer oanmeitsje. It âlde Berjocht:Koördinaten yn tekst moat fansels yn alle gefallen stean bliuwe. No earst sjen as Phabricator it foar ús oplosse kin. Sanet, dan kinne jimme in ienmalige ynfoboksfiks oerwege. Yn dat gefal moatte de fjilden fan 'e koördinaten yn 'e ynfoboksen oanpast wurde:
Hjoeddeiske sitewaasje bygelyks:
{{Ynfoboks abdij
| koördinaten = {{Koördinaten yn tekst|…}}
}}
De ynfoboks befettet yntern:
| koördinaten = {{{koördinaten|}}}
wy feroarje allinnich de ynfobox sels, bygelyks nei:
| koördinaten = {{{koördinaten|{{Koördinaten yn tekst|{{{lat|}}}|{{{lon|}}}}}}}
Wy ha alletrije ûnderfining mei ynfoboksen en witte dat wy de ynfoboks werom sette kinne as de feroaring gjin resultaat hat. As it al slagget dan hoege wy fansels net de artikels oan te passen en dan is de ynfoboks sa oanpast dat dy in Kartographer-kaartlink toane kin, wylst dy foar dy tiid allinnich mei in platte GeoHack-link omgean koe.
Hi,
user scripts, gadgets, templates, modules, custom CSS are local on-wiki content. Local content is managed independently on each wiki, by each wiki community themselves.
Phabricator is mostly used for MediaWiki, MediaWiki extensions, or server configuration, or by developers and teams to organize what they plan to work on. Phabricator is not a support forum. If you are looking for help with the local code on a wiki, please see https://meta.wikimedia.org/wiki/Tech instead.
This needs fixing on the local wiki by editing its local content. Thus I am closing this task here - thanks for your understanding.
We would like to ask for technical advice regarding coordinate templates on a smaller Wikipedia (fy.wikipedia.org).
Current situation:
On our wiki, a single coordinate template is used both:
- inline in article text, and
- inside multiple infobox templates.
This template currently outputs a plain external GeoHack link, which works in both contexts.
Problem:
We investigated replacing the GeoHack link with Kartographer (maplink). While this initially looks like a local template change, we ran into structural issues:
- Using maplink inside the existing coordinate template leads to template loop errors or broken output.
- Splitting logic into subtemplates avoids loops, but then breaks infobox rendering (infoboxes expect plain wikitext, not a rendered maplink tag).
- Fixing this appears to require modifying infobox templates as well, which makes the change non-local and affects many pages.
We reverted all changes after testing.
Question:
Is there a recommended or established pattern for migrating legacy GeoHack-based coordinate templates to Kartographer on wikis where those templates are also used inside infoboxes?
Or is GeoHack currently still the only viable solution in such mixed-use cases?
Any pointers, examples from other wikis, or general guidance would be very welcome.
GeoHack doesn’t show a map. What GeoHack shows is defined at Berjocht:GeoTemplate, you can copy parts of its Dutch or English (or whichever) counterpart to fix this.
You couldn’t replace the GeoHack link with a Kartographer one. This replacement is probably worth it even if you manage to (or could manage to) add the map to GeoHack, as showing the map without loading a new page is more user-friendly in my opinion. The problem with Kartographer is that it uses a completely different coordinate structure. Currently fy:Berjocht:Koördinaten yn tekst gets a parameter with the value 53_03_03_N_5_34_32_E_type:city_zoom:15_region:NL, but Kartographer expects three parameters: latitude=53.050833, longitude=5.575556 and zoom=15 (the latter is optional, type:city and region:NL have no Kartographer equivalents), e.g. <maplink latitude="53.050833" longitude="5.575556" zoom="15" /> (53°3′3″N 5°34′32″E). While it’s probably possible to code the conversion between the two formats in wikitext (with the help of fy:Module:String), the result would likely be unreadable wikitext. So you have two options: either convert all calls using a bot, or have a Lua module do the conversion. The Lua solution means less edits in the short term, but I find the current parameter value quite hard to read, so I think a bot conversion would result in a better editor experience in the long term.
Dus opsje a is alles omsette mei in bot en opsje b is in konversy yn in Lua-module. Hy advisearret opsje a mar beide opsjes geane fier boppe myn kennis. Wat no? --RomkeHoekstra (oerlis) 30 des 2025, 10.00 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, hy sei dêr binne twa problemen. Us Berjocht:GeoTemplate is tink ik út de tiid, want dêr stiet gjin kaart op. We kinne dy side miskien ferhelpe om de fariant fan nl of en of de oer te nimmen. Ik tink dat it probleem dan ek noch net ferholpen is, want Berjocht:Koördinaten en Berjocht:Koördinaten yn tekst sille nei alle gedachten ek oanpast wurde moatte, want yn in soad oare wikys wiene dy jierrenlyn al oanpast neffens nije systemen sa't ik begrepen ha. Dy fan ús is nea oanpast. It simpelste is dy ek fan bgl nl of en of de oer te nimmen.
It twade probleem is grutter, want as je Kartographer brûke wolle, moatte oare koördinatestruktueren, sa't er hjirboppe neamt, brûkt wurde en dêr binne twa opsjes foar: a: mei in bot of b: mei in Lua-module.
Wat te dwaan no: ik soe it net witte. It giet my allegear te fier boppe de pet. We kinne besykje it earste probleem op te lossen en sjen oft dat wat helpt. Ik ha earder besocht mei dy Lua-rommel te pielen, mar rekke alhiel fêst. Ik ha lêsten besocht om Berjocht:Ofbyld multy te meitsjen, dêr't je meardere ôfbylldings sa as yn bygelyks ynfoboksen sette kin, mar doe rûn ik tsjin in betonnen muorre oan, want dêr rûn ik tsjin dy Lua-modulen oan en besocht guon fan dy berjocten oan te meitsjen, mar rûn ahiel fêst. Ik tocht nei it foarinoar krijen fan 'e posysjekaarten, dat ik soks hooplik ek oan 'e praat krije koe, mar dat slagge my dus net. Kneppelfreed (oerlis) 30 des 2025, 20.32 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Kneppelfreed: Tsja, mannen, ik kin hjir ek net folle oan tafoegje. Ik haw de reäksje fannacht trije kear lêzen en ik koe it noch net neikomme. Ik hie sels noch nea fan Lua heard, en wit net wat dat is. Bots hawwe wy ek net. Wat ik wol sjoch is dat GeoHack DMS-koördinaten (degrees, minutes, seconds) brûkt, wylst Kartographer desimale koördinaten brûkt. As we Kartographer brûke wolle soene, betsjut dat dat al dy DMS-koördinaten omrekkene wurde moatte. Wat my oangiet is dat in brêge te fier. Dus we bliuwe by GeoHack. Dan is der noch ien mooglikheid: gewoan hânmjittich side foar side de boel oanpasse. It giet om sa'n 4.500 haw ik lêsten opsocht. As we 50 deis dwaan kinne komt dat út op in fearnsjier. Dat is net leuk, mar it soe te dwaan wêze as we allegearre mei-inoar de hannen út 'e mouwen stekke. Mar dan moat der earst fansels wol in funksjonearjende keppeling yninoar knutsele wurde om 'e âlde mei te ferfangen. Dat is wêr't it by my stûket, want dat kin ik sels net dwaan. Of oars kinne we der ek foar kieze om 'e âlde keppeling net te ferfangen mar gewoan fuort te heljen. We hawwe ommers yn hast alle geografyske artikels ek al in posysjekaart. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 des 2025, 21.18 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed: Hoe dan ek, it wurket no net dus gjin ien hat wat oan dy koördinaten en it jout allinnich mar argewaasje as jo der op drukke en der komt neat. It giet hoe dan ek my ek fier boppe de macht, dus it soe al fan Kneppelfreed komme moatte en oars is it net oars. Faaks is dan de koartste klap om de koördinaten út de ynfoboksen te ferwiderjen. Mar dat lit ik oan jimme oer, ik help wol mei as se side foar side omset wurde moatte (mar dan sil der ek in plan komme moatte hoe't wy dat oanpakke, oars iepenje wy allegear siden dêr't earder al ien oan 'e gong west hat.
Kinne jo hjir wat mei Meidogger:Kneppelfreed? Dit ha'k fan ChatGPT, faaks helpt it jo wat.
Stappenplan: starten met een Lua-oplossing (veilig en omkeerbaar)
Doel:
Kartographer gebruiken zonder artikelen of infoboxen aan te passen, en met mogelijkheid tot volledige terugdraai.
Stap 1 — Niets wijzigen aan artikelen of infoboxen
Geen enkele artikelpagina aanpassen
Geen infobox-sjablonen aanpassen
Alles moet blijven werken met de huidige GeoHack-parameterstring
Als dit niet haalbaar blijkt → stoppen.
Stap 2 — Maak één nieuw Lua-module aan (losstaand)
Maak een nieuwe module aan, bijvoorbeeld:
Module:Koördinaten
Deze module doet uitsluitend het volgende:
input: de bestaande GeoHack-string
53_03_03_N_5_34_32_E_type:city_zoom:15_region:NL
output:
latitude (decimaal)
longitude (decimaal)
zoom (optioneel)
Belangrijk:
De module rendert géén kaart
Geen maplink, geen HTML
Alleen parsing en omrekening
Stap 3 — Houd de Lua-code minimaal en leesbaar
Gebruik standaard Lua-functies
Eventueel: Module:String voor splitsen
Geen “slimme” trucjes
Commentaar toevoegen bij elke stap (voor onderhoud)
Als de code onleesbaar wordt → heroverwegen.
Stap 4 — Pas alleen het bestaande sjabloon minimaal aan
In Berjocht:Koördinaten yn tekst:
Voeg een veilige keuze toe:
Als Lua-module geldige coördinaten teruggeeft → gebruik Kartographer
Anders → toon exact de oude GeoHack-link
Dus altijd een fallback.
Geen recursie, geen extra sjablonen.
Stap 5 — Test uitsluitend via voorvertoning
Test op 1 artikel met inline coördinaten
Test op 1 artikel met infobox
Alleen voorvertoning gebruiken
Pas opslaan als:
geen foutmeldingen
geen lege waarden
geen template-lussen
Stap 6 — Terugdraaien moet triviaal zijn
Zorg dat alles terug te draaien is door:
het sjabloon terug te zetten
of de module te verwijderen
Geen sporen in artikelen.
Stopcriteria (heel belangrijk)
Direct stoppen als:
infoboxen {{{3}}} of lege waarden tonen
template-lus ontstaat
meerdere sjablonen tegelijk aangepast moeten worden
extra interfaceberichten nodig lijken
Dan is Lua hier geen goede oplossing.
Samenvattend
Lua is hier een tussenlaag, geen einddoel
Veiligheid en leesbaarheid gaan vóór functionaliteit
Geen bot, geen massabewerkingen
Bij twijfel: niets doen en GeoHack behouden
Hjirûnder stiet in minimaal Lua-skelet (raamwurk) dat allinnich de besteande GeoHack-string parsed en omrekkenet. It rendert neat en feroaret neat oan artikels. As dit al net stabyl wurket, moatte wy hjir stopje.
It is in minimaal en feilich Lua-skelet en hoe't it brûkt wurdt, sa opset dat:
er niets aan artikelen of infoboxen verandert
alles terug te draaien is
het vooral begrijpelijk blijft voor een volgende beheerder
Lua-skelet (minimaal en veilig)
Nieuwe pagina aanmaken:
</pre>Module:Koördinaten
Inhoud (voorbeeld, nog zonder Kartographer):
-- Module:Koördinaten
-- Doel: omrekken fan GeoHack-koördinaten nei desimale latitude/longitude
-- LET OP: dizze module rendert GEEN kaart
local p = {}
local function dmsToDecimal(deg, min, sec, hemi)
local val = deg + (min / 60) + (sec / 3600)
if hemi == 'S' or hemi == 'W' then
val = -val
end
return val
end
function p.parse(frame)
local input = frame.args[1]
if not input or input == '' then
return nil
end
local parts = mw.text.split(input, '_')
if #parts < 8 then
return nil
end
local lat = dmsToDecimal(
tonumber(parts[1]),
tonumber(parts[2]),
tonumber(parts[3]),
parts[4]
)
local lon = dmsToDecimal(
tonumber(parts[5]),
tonumber(parts[6]),
tonumber(parts[7]),
parts[8]
)
return string.format(
'latitude=%.6f|longitude=%.6f',
lat,
lon
)
end
return p
Belangrijk:
Dit doet nog niets zichtbaar
Geen <maplink>
Geen HTML
Alleen rekenen
Hoe dit later in het sjabloon gebruikt kan worden (concept)
In Berjocht:Koördinaten yn tekst(alleen conceptueel):
{{#invoke:Koördinaten|parse|{{{1}}}}}
👉 In deze fase alleen testen in voorvertoning, niet opslaan.
Waarom dit skelet veilig is
Geen recursie
Geen template-lus mogelijk
Geen wijziging aan artikelen
Geen afhankelijkheid van infoboxen
Eén module = één edit om terug te draaien
Wat nog NIET moet gebeuren
❌ Nog geen <maplink>
❌ Nog geen vervanging van GeoHack
❌ Nog geen bot
❌ Nog geen interfaceberichten aanpassen
Eerst alleen vaststellen:
Kinne wy betrouber latitude/longitude út de besteande string helje?
Als dit niet stabiel werkt → direct stoppen.
@RomkeHoekstra:, @Ieneach fan 'e Esk:, sorry, mar dit giet my allegear boppe de pet. Ik ha by https://meta.wikimedia.org/wiki/Tech frege as se dêr mei helpe wolle, of immen witte dy't ús helpe wol. It moat as it heal kin al even fikst wurde, want dat soe ek moai wêze foar takomstige meidoggers. As ik nei in wike neat fan harren hear, dan sil ik sels noch even besykje dêr mei om te pielen en as dat net my net slagget, dan moatte we mar in plan meitsje alle siden hânmjittich om te setten. Ik soe it leafste de koördinaten wol op 'e siden hâlde wolle.
@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: De bêste winsken foar it nije jier! Geweldich Kneppelfreed dat jo dit fierder noch oppakke wolle. As it net slagget, soe'k der mar net te lang mear mei omgrieme. Dan kin de tiid miskien better stutsen wurde yn it omsetten en dan moat er lykas Ieneach skreau noch wol in funksjonearjend einformaat komme. Ik ha der fierder gjin doel oer, it iennige wat ik bydrage kin is wat ChatGPT hjir oer seit. Ik wit dat jimme dêr noch net sa'n soad betrouwen yn ha, mar wy wite ek net alles en meiïnoar ynklusyf ChatGPT witte wy yn alle gefallen mear.
Stappenplan bij handmatige omzetting van alle artikelen – zo pak je het veilig aan:
1️⃣ Leg eerst het nieuwe eindformaat vast (zonder uitzonderingen)
Nog vóór het eerste artikel:
exact één manier afspreken om coördinaten te noteren
vastleggen:
welke parameters verplicht zijn
welke optioneel zijn (bijv. zoom)
hoe het er in infoboxen uitziet
Bijvoorbeeld (alleen illustratief):
{{Koördinaten yn tekst
| latitude = 53.050833
| longitude = 5.575556
| zoom = 15
}}
2️⃣ Maak een korte handleiding voor bewerkers
Eén simpele pagina is genoeg:
oude vorm → nieuwe vorm
1 of 2 voorbeelden
hoe je graden/minuten/seconden omzet naar decimalen
waar je fouten meldt
Dit voorkomt goedbedoelde, maar verschillende oplossingen.
3️⃣ Begin met 3–5 testartikelen
Niet meteen los.
kies artikelen:
1 met infobox
1 zonder infobox
controleer:
kaart klopt
mobiele weergave
geen foutmeldingen
Pas als dit goed voelt → doorgaan.
4️⃣ Werk in kleine batches
Bijvoorbeeld:
5–10 artikelen per keer
tussendoor kijken of alles nog goed gaat
niet alles in één week willen doen
Dat houdt het overzichtelijk.
5️⃣ Verwijder oude GeoHack-specifieke rommel
Bij elke omzetting:
haal type:city, region:NL etc. weg
zet ze niet om naar iets vaags
liever minder, maar correct
6️⃣ Noteer wat al gedaan is
Bijvoorbeeld:
een categorie “Koördinaten omset nei Kartographer”
of een projectpagina met afgevinkte artikelen
Zodat niemand dubbel werk doet.
7️⃣ Accepteer dat het niet perfect hoeft
Dit is belangrijk:
een kaart die 20 meter verschoven is → oké
een ontbrekende zoom → oké
later verbeteren kan altijd
Eerlijk slotwoord
Na alles wat jullie geprobeerd hebben, is dit:
de meest begrijpelijke
de meest controleerbare
en de minst stressvolle route
En misschien wel de enige die echt past bij een kleine, zorgvuldige wiki.
De borrel wordt georganiseerd door Wikimedia Nederland voor alle Wikimedianen.
Eventuele partners zijn ook welkom.
Ik hoop dat er Friese Wikipedianen zijn die de reis naar Den Bosch kunnen maken. In elk geval zijn jullie ook van harte welkom. Ellywa (oerlis) 7 jan 2026, 21.40 (CET)
Eltsenien dy't ik noch net troffen haw: Folle Lok en Seine.
As immen neat om hannen hat, kin er dan ris op Meidogger:Mysha/Kladblok sjen hoe't de plaatsjes goed komme? Mysha (oerlis) 15 jan 2026, 10.03 (CET)
Thank You for Last Year – Join Wiki Loves Ramadan 2026
We hope you are doing well, and we wish you a happy New Year.
Last year, we captured light. This year, we’ll capture legacy.
In 2025, communities around the world shared the glow of Ramadan nights and the warmth of collective iftars. In 2026, Wiki Loves Ramadan is expanding, bringing more stories, more cultures, and deeper global connections across Wikimedia projects.
We invite you to explore the Wiki Loves Ramadan 2026Meta page to learn how you can participate and sign up your community.
We look forward to collaborating with you and your community.
The Wiki Loves Ramadan 2026 Organizing Team 16 jan 2026, 20.45 (CET)
Grif hawwe hja it idee dat it foar eltsenien dúdlik wêze sil, mar ik soe sizze dat it de tante-test (muoike-metoade(?)) net folbringen kin. Mysha (oerlis)
@Ieneach fan 'e Esk, @Drewes, @RomkeHoekstra, @FreyaSport en @Mysha, is der immen dy't de amateurfuotbalklubs yn Fryslân by de tiid bringe/ferbetterje wol? Guon klubs hawwe noch gjin side en in guon klubs binne fusearre. Ek soe it moai wêze as der in navigaasjebalkje komt fan de klubs út Fryslân of sokssawat. Ik yn alle gefallen haw der gjin nocht oan, it seit my net sa folle, mar as in Fryske wikipedy soe it baas wêze en haw soks teminsten by de tiid. Ik haw de lêste tiden dwaande west mei in soad siden en oare dingen oan it ophelpen en dêr haw ik stadichoan in bytsje myn nocht fan, want it begjint wat putsjewurk te wurden. Ik wol meikoarten ris oer dingen skriuwe dêr't ik niget oan haw. Alfêst tige tanke. Kneppelfreed (oerlis) 18 jan 2026, 04.45 (CET)
@Kneppelfreed, FreyaSport, Ieneach fan 'e Esk, en Mysha: Ik bin ek net thús yn 'e sport en fiel der gjin sprút foar. En sjoch ek ris nei dy oare siden dy't dy't by de tiid brocht wurde moatte. Totaal in krappe 125 op dit stuit. Wy hawwe ienfâldich te min meidoggers om alles by te hâlden. Drewes (oerlis) 18 jan 2026, 16.26 (CET)
@Kneppelfreed, FreyaSport, Drewes, RomkeHoekstra, en Mysha: Ik bin net fan 'e sport en alhielendal fan it fuotbal. Ik haw yn it ferline wolris in keatsferiening of sa beskreaun, mar dat wie ynsidinteel. It lokket my net oan om hjir struktureel mei oan 'e gong. Wat kin ik sizze? Dit is myn ûnderwerp net. Drewes hat gelyk: we kinne net alles byhâlde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jan 2026, 01.46 (CET)
@Ieneach fan 'e Esk, @Drewes, @RomkeHoekstra, @FreyaSport en @Mysha, der is dêr fierder gjin list fan dy't by de tiid brocht wurde moatte. It bêste is om se allegear eefkes bylâns te rinnen. Soks binne we ek mei de siden oer doarpen ensfh oan 'e gong. Guon dêrfan wiene sa'n 20 jier net bywurke.
Sa besteane bygelyks Bolswardia en CAB net mear en binne se fusearre ta SC Bolsward. De bêste manear soe wêze om dan even nei de Nederlânske ferzje te sjen. Ja Drewes hat wier gelyk dat we net alles byhâlde kinne, mar as it heal kin, soe it moai wêze dat siden, dy't mei Fryslân te krijen hawwe, in bytsje byholden wurde. Ik soe tinke dat sokke siden wol reedlik populêr by de lêzer wêze soene. Mar hawar as it net ien oanlokket om dêr mei oan 'e gong te gean, dat ik wol jimme ek gjin wurk opkringe, it moat wol moai bliuwe fansels. --Kneppelfreed (oerlis) 19 jan 2026, 20.49 (CET)
@Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, Drewes, RomkeHoekstra, en Mysha: Dan moatte we earst mar ris in list sjen te meitsjen, fan wat we ha en wat der efterhelle is. Ik bin al fan de sport mar fan it fuotbal bin ik mear fan de grutte toernoaien en de gruttere klubs. FreyaSport (oerlis) 19 jan 2026, 09.42 (CET)
@FreyaSport: Jo kinne Kategory:Fryske_fuotbalklup as ynvintarisaasjelist brûke. Dat binne alle Fryske fuotbalklubs dêr't wy siden oer hawwe. Dan hoege jo net alle doarpen bylâns om te sjen oft der in artikel oer de pleatslike klub bestiet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 jan 2026, 01.58 (CET)
@FreyaSport, Kneppelfreed, Mysha, Ieneach fan 'e Esk, en Drewes: Moai dat jo dat oppakke wolle Freya. Eefkes in pear opmerkingen foar ús allegear: (1) miskien is it wol goed om der tenei by in bewurking wat konsekwinter om te tinken of der in fermoeden is dat it artikel by de tiid brocht wurde moat en sa ja, dan fuort eefkes dat berjocht ta te foegjen. Ferâldere artikels binne gjin reklame foar de Fryske wikipedy en ik kin my foarstelle dat soks argewaasje jout by in lêzer dêrfan, dus ek hiel moai dat Kneppelfreed dit eefkes oan 'e oarder stselde. Ik bin op it stuit wat mei Frankryk oan 'e gong en dêr kaam ik ek slim ferâldere artikels tsjin fan (grutte) plakken en sa ek mei de regio's dêre, wylst der wol lytse bewurkinkjes dien wurde. Somtiden is it ien yn eachopslach te sjen dat de ynformaasje yn in ynfoboks al aardich datearre is. (2) Sa'n berocht tafoegje is in ding, mar it moat ek dúdlik wêze wêrom"t in berjocht tafoege wurdt. Sa is it handich om - yn guon gefallen - op 'e oerlisside (as it hiel erch nedich is) of teminsten yn 'e gearfetting in regeltsje efter te litten wat der krekt by de tiid brocht wurde moat. Dat hoecht net as dat yn ien eachopslach lykas by doarpen of stêden wol te sjen is, mar by Kim Kardashian bygelyks stiet noch in berjocht dat it artikel by de tiid brocht wurde moat, wylst dêr nei it oanbringen fan it berjocht noch wol oan wurke is. In regeltsje yn 'e gearfetting lykas "by de tiid bringe" of "update nedich" seit foar in oar net altiten alles. In update yn it artikel fan bygelyks wat? As in klub fusearre is of as der mei in persoan wat feroare is, dan is it handich om dat tagelyk mei de tafoeging fan it berjocht fuort op 'e oerlisside of yn 'e gearfetting del te setten. Sadat de persoan dy't it oppakt fuort ek wit wat der barre moat.--RomkeHoekstra (oerlis) 20 jan 2026, 08.45 (CET)
We are pleased to invite Wikimedia communities, affiliates, and independent contributors to organize the Feminism and Folklore 2026 writing competition on your local Wikipedia.
The international campaign will run from 1 February to 31 March 2026 and aims to improve coverage of feminism, women’s histories, gender-related topics, and folk culture across Wikipedia projects.
About the Campaign
Feminism and Folklore is a global writing initiative that complements the Wiki Loves Folklore photography competition. While Wiki Loves Folklore focuses on visual documentation, this writing campaign addresses the gender gap on Wikipedia by improving encyclopedic content related to folk culture and marginalized voices.
What Can Participants Write About?
Communities can contribute by creating, expanding, or translating articles related to:
Folk festivals, rituals, and celebrations
Folk dances, music, and traditional performances
Women and queer figures in folklore
Women in mythology and oral traditions
Women warriors, witches, and witch-hunting narratives
Fairy tales, folk stories, and legends
Folk games, sports, and cultural practices
Participants may work from curated article lists or generate new article suggestions using campaign tools.
How to Sign Up as an Organizer
Organizers are requested to complete the following steps to register their community:
Create a local project page on your wiki (see sample)
Set up the campaign using the CampWiz tool
Prepare a local article list and clearly mention:
Campaign timeline
Local and international prizes
Request a site notice from local administrators (see sample)
Add your local project page and CampWiz link to the Meta project page
Campaign Tools
The Wiki Loves Folklore Tech Team has introduced tools to support organizers and participants:
Article List Generator by Topic – Helps identify articles available on English Wikipedia but missing in your local language Wikipedia. The tool allows customized filters and provides downloadable article lists in CSV and wikitable formats.
CampWiz – Enables communities to manage writing campaigns effectively, including jury-based evaluation. This will be the third year CampWiz is officially used for Feminism and Folklore.
We look forward to your collaboration and coordination in making Feminism and Folklore 2026 a meaningful and impactful campaign for closing gender gaps and enriching folk culture content on Wikipedia.
We are delighted to invite Wikimedia affiliates, user groups, and community organizations worldwide to participate in Wiki Loves Folklore 2026, an international initiative dedicated to documenting and celebrating folk culture across the globe.
About Wiki Loves Folklore
Wiki Loves Folklore is an annual international photography competition hosted on Wikimedia Commons. The campaign runs from 1 February to 31 March 2026 and encourages photographers, cultural enthusiasts, and community members to contribute photographs that highlight:
Folk traditions and rituals
Cultural festivals and celebrations
Traditional attire and crafts
Performing arts, music, and dance
Everyday practices rooted in folk heritage
Through this campaign, we aim to preserve and promote diverse folk cultures and make them freely accessible to the world.
As we celebrate the eight edition of Wiki Loves Folklore, we warmly invite communities to organize a local edition in their country or region. Hosting a local campaign is a great opportunity to:
Increase visibility of your region’s folk culture
Engage new contributors in your community
Enrich Wikimedia Commons with high-quality cultural content
I am writing to you to let you know the annual review period for the Universal Code of Conduct and Enforcement Guidelines is open now. You can make suggestions for changes through 9 February 2026. This is the first step of several to be taken for the annual review. Read more information and find a conversation to join on the UCoC page on Meta.
Wy sizze no op de haadside dat Oranjestêd de haadstêd is fan Arûba en fan Sint Eustaasjes. Dan moat dy keppeling, op de haadside, fansels al nei Oranjestêd; oars komt de lêzer by mar ien stêd út. Mysha (oerlis) 9 feb 2026, 14.15 (CET)