Timor
| Timor | ||
| geografy | ||
| lân | Yndoneezje, East-Timor | |
| lokaasje | Yndyske Arsjipel | |
| ûnderdiel fan | Lytse Sûnda-eilannen | |
| Provinsje | East-Nusa Tenggara | |
| algemien | ||
| belangrike plakken | Kûpang, Dili | |
| ynwennertal | 3.311.735 (2020) | |
| sifers | ||
| maks. lingte | 476 km | |
| maks. breedte | 102 km | |
| oerflak | 30.777 km² | |
| heechste punt | Tatamailau (2963 m) | |
| kaart | ||
Timor is in eilân yn it súdeasten fan 'e Yndyske Arsjipel, of de Lytse Sûnda-eilannen. It eilân is ferdield tusken de ûnôfhinklike steat East-Timor en West-Timor, dat diel útmakket fan 'e Yndonezyske provinsje East-Nusa Tenggara. It hat in oerflak fan 30.777 km². De namme is ôflaat fan timur, it Maleiske wurd foar 'it easten'. It eilân hat dy namme krigen om't it yn it easten fan in rige eilannen leit. Eastlik fan Timor leit de Lydekkerline, dy't de Euraziatyske Plaat skiedt fan 'e Australyske Plaat en dêrmei ek Euraazje fan Austraalje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de lokale mytology wie it eilân Timor in reuzekrokodil.
It eilân is al iuwenlang polityk ferdield yn twa parten. West-Timor heart no by Yndoneezje. Fan 'e midden fan 'e 17e iuw oant 1949 hearde it by Nederlânsk-Timor, ek wol Residentie Timor en onderhorigheden neamd, mei Kûpang as haadplak. It eastlike part is no de ûnôfhinklike steat East-Timor. Fan 'e midden fan 'e 16e iuw oant 1975 stie dat gebiet bekend as Portegeesk-Timor, mei Dili as haadplak.
Grinskonflikten tusken Nederlân en Portegal waarden yn ferskate ferdraggen regele. In wichtich ferdrach wie it Ferdrach fan Lissabon (1859). It grinsskeel waard lang om let ôfsletten troch in arbitraazjeferdrach yn 1913. De definitive útspraak folge op 25 juny 1914.
Nei de Yndonezyske anneksaasje fan East-Timor (ek Timor-Leste neamd) yn 1976 waard it eastlike part fan it eilân ek bekend ûnder de Yndonezyske namme Timor Timur of Tim-Tim. Jakarta beskôge it as de 27e provinsje fan it lân, mar de Feriene Naasjes hawwe dat nea erkend.
Nei in referindum yn 1999, dat holden waard yn it ramt fan in troch de Feriene Naasjes stipe oerienkomst tusken Yndoneezje en Portegal, waard East-Timor yn 2002 ûnôfhinklik.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súdeastlik fan Timor leit, oan 'e oare kant fan 'e Lydekkerline, Austraalje. Yn it westen lizze de eilannen Roti, Savû en Sûmba. West-noardwestlik fan Timor lizze de eilannen Floares, Solor, Adonara, Lomblen, Pantar en Alor. Yn it noardeasten lizze de Barat Daya-eilannen, dêr't ek Wetar by heart. Wetar heart by de Yndonezyske provinsje Molukken.

Timor bestiet foar in grut part út tropysk drûch bosk. In soad beammen ferlieze yn it drûge seizoen harren blêden. Iuwenlang wie it wichtichste hannelsprodukt it sandeloerhout.
Op Timor wiene lange tiid fulkanen aktyf. It 'ivige fjoer' fan dy fulkanen tsjinne as in fjoertoer foar seefarders. Yn 1637 fûn de lêste grutte útbarsting plak, wêrnei't it 'ivige fjoer' útgie.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Antropologen ûnderskiede alve etnysk-taalkundige groepen op Timor. De grutste binne de Atoni yn it westen en de Tetun yn it midden en easten fan it eilân.
De measte lânseigen talen fan Timor hearre ta de tûke Timor-Babar fan 'e Austronezyske talen, dy't yn 'e hiele Yndonezyske arsjipel praat wurde. Hoewol't der net genôch bewiis út wurdskat is, wurde de net-Austronezyske talen fan Timor yn ferbân brocht mei talen dy't op Halmahera en yn Westlik Nij-Guineä praat wurde. Guon talen binne sa bot meiïnoar fermongen dat it dreech is om fêst te stellen ta hokker taalfamylje se hearre.
De offisjele talen fan East-Timor binne Tetun en Portegeesk. Yn West-Timor is Yndonezysk de offisjele taal. De Atoni-taal Uab Meto, ek wol Dawan neamd, wurdt yn 'e regintskippen Kupang, Súd-Midden-Timor en Noard-Midden-Timor praat. Yndonezysk, in standerdisearre foarm fan it Maleisk, wurdt ek yn East-Timor in soad praat en ferstien.

It kristendom is de grutste godstsjinst op Timor en omfiemet mear as 90% fan 'e befolking. De ferdieling ferskilt lykwols tusken de beide dielen fan it eilân. Yn West-Timor is likernôch 58% fan 'e befolking protestantsk en 37% roomsk-katolyk. Yn East-Timor is likernôch 98% roomsk-katolyk en 1% protestantsk. Islam en animisme foarmje it grutste part fan 'e rest, mei neffens de boarne elk likernôch 5% op it hiele eilân.
Fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op Timor komme ferskate sûchdieren foar, wêrûnder flearmûzen. Ta de lânseigen lânsoarten hearre de Timoreeske rôt (Rattus timorensis) en de Timoreeske spitsmûs (Crocidura tenuis) en in lytse faraan, de Timoreeske faraan (Varanus timorensis). Op it eilân libje ferskate fûgelsoarten dy't nearne oars foarkomme. Dêrûnder binne de Ficedula timorensis en de Philemon inornatus.
Yn it Pleistoseen hie Timor in unike lânseigen fauna. De megafauna bestie ûnder oaren út in grutte faraan dy't mooglik noch grutter wie as de Komodovaraan, de dwerchoaljefant Stegodon timorensis, reuzeskylpodden (Megalochelys) en in noch ûnbeskreaune krokodillesoarte. Njonken dy grutte bisten libben der ferskate endemyske fûgels en in grutte ferskaat oan mûzen en reuzerotten lykas de Coryphomys musseri, wêrfan't de grutste wol 5 kilo woech.
Oars as op Floares binne op Timor gjin fossile bewizen fûn fan iere minskeftigen; it eilân waard nei alle gedachten pas bewenne mei de komst fan Homo sapiens sa'n 45.000 jier lyn. De krekte datum fan it útstjerren fan 'e megafauna bliuwt lestich te bepalen troch in gebrek oan sekuere datearing. De meast wierskynlike oarsaken foar it ferdwinen fan 'e megafauna binne de komst en oerbejaging troch de moderne minske, om't der foar klimaatferoaring yn dy tiid gjin sterke oanwizings binne. De reuzerotten hawwe de minsklike kolonisaasje lykwols folle langer oerlibbe en binne pas yn it Holoseen útstoarn troch habitatferlies.[1]
Op Timor ûntwikkele him ek in eigen ponnyras, de Timorponny.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
