Strânljip
| strânljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Haematopus ostralegus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De strânljip (Haematopus ostralegus) is de meast foarkommende soarte út de famylje fan 'e strânljipfûgels. De 43 sm grutte fûgel is goed te werkennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De strânljip is in grutte en kompakte waadfûgel mei in lingte fan 39 oant 44 sm, wêrfan't de snaffel 6,5 oant 9 sm en de spanwiidte 72–83 sm is. De fûgel is foar it grutste part wyt oan 'e ûnderkant en swart oan 'e boppekant. Hy hat in lange oranje-reade oant reade snaffel, rôze-eftige poaten en reade eagen. Wyfkes en mantsjes binne allyk, útsein dat de snaffel fan it wyfke trochstrings wat langer is. Juvenile fûgels hawwe mear griiseftich rôze poaten en in mear brune rêch, en de snaffeltop is donker.
De populaasje yn East-Aazje ûnderskiedt him fan 'e Jeropeeske strânljippen troch ûnder oaren in langere snaffel en in dúdlik oar juvenyl- en winterkleed.
Karakteristyk foar de strânljip by it fleanen is, njonken de wite ûnderkant fan 'e rêch, de brede wite wjukbannen oan 'e boppekant fan 'e wjuk en de brede swarte râne op 'e sturt. Hy fljocht rjochtút en mei rappe wjukslach.
Oare nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strânljip wurdt yn it Frysk ek wol fjildakster/ekster, bûnte liuw/ljip/pyt of Stynske ljip of liuw neamd. De namme bûnte liuw komt yn ferskate foarmen yn 'e noardlike dialekten foar. It Amelânsk hat it oer bonteluw, it Tekselsk lieuw(e) en it Wieringsk jout neffens in strjitnamme yn 'e nijbou fan Hippolytushoef bonkte lieuw.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strânljip komt yn grutte dielen fan Euraazje foar, fan West-Jeropa troch Sintraal-Aazje oant Sina. Foar it grutste part is it in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Jeropa of Súd-Aazje. Allinnich yn West-Jeropa bliuwt de strânljip it hiele jier op itselde plak.
Der binne fjouwer ûndersoarten fan 'e strânljip erkend:
- H. o. ostralegus mei in fersprieding yn Jeropa en it westen fan Ruslân.
- H. o. longipes yn it easten en suden fan Ruslân.
- H. o. osculans yn it easten fan Aazje.
- H. o. buturlini fan West-Kazakstan oant Noardwest-Sina.
Eartiids waard de Nijseelânske bûnte strânljip ek as ûndersoarte fan 'e gewoane strânljip beskôge, oant genetysk ûndersyk útwiisde dat it om in aparte soarte giet.

De strânljip komt it hiele jier troch foar oan 'e kusten fan 'e Noardsee en fan 'e Ierske See. Briedfûgels út noardlike gebieten (Skandinaavje en Yslân) lûke winterdeis nei it suden. In soad fûgels oerwinterje oan 'e Noardsee en op 'e Britske Eilannen. Oaren lûke nei Spanje en Afrika. Om de Middellânske See hinne komme lytsere populaasjes foar. De strânljippen út it easten fan Aazje migrearje yn 'e winter nei it suden fan Sina.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte ûntbrekt yn Nederlân allinnich yn boskrike kriten en op it lytsskalige kultuerlânskip. De fierweihinne heechste tichtheden sitte yn it westen en noarden fan it lân, fral op kwelders, mar ek yn iepen polders mei in ôfwikseling fan gers- en boulân. Bolwurken yn Nederlân binne it Waadgebiet en de Siuwske delta. De strânljip wreide syn briedgebiet yn 'e 20e ieu sterk út nei it binnenlân. Sûnt likernôch 1985 hat der in delgong west, dy't nei 2000 wat belune. De oarsaken dêrfoar lizze sawol yn 'e briedtiid as yn 'e winter. Briedfûgels bringe foaral yn it yntinsyf brûkte boerelân te min jongen grut, wylst oerwinterjende fûgels mei krapte oan iten te krijen ha. De strânljip hat ek platte dakken ûntdutsen yn stedske gebieten om op te brieden. De strânljippen yn stêden sykje it iten op gersfjilden en sportfjilden. Neffens rûzings briede fan 'e Nederlânske populaasje yn 2023 15% fan 'e strânljippearen op dakken yn it binnenlân. De briedpopulaasje waard yn 2018-2020 op 30.000 oant 37.000 pearen rûsd. De oerwinterjende oantallen binne lykwols folle heger.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By't maaitiid begjinne de strânljippen inoar yn kloften it hof te meitsjen. Se rinne dan mei de snaffel nei ûnderen om inoar hinne, wylst se lûd roppe. De fûgels hawwe in ienfâldich nêst, in lyts kûltsje wêryn't se sa'n 2-4 aaien lizze. It nêst kin op it strân wêze, op it boulân, yn 'e greide of sels tusken grint op in plat dak. De aaien komme nei 4 wike út.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strânljippen ite meast wjirms of skulpdieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2012 troch Wetlands International rûsd op 1 oant 1,16 miljoen yndividuën en de Jeropeeske populaasje waard yn 2019 troch BirdLife International rûsd op 500.000 oant 1.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. De oantallen nimme ôf troch in grut tal faktoaren, wêrûnder yntinsive fiskerij op skulpdieren en habitatferlies troch oantaasting en fersteuring fan 'e kustgebieten dy't foar de fûgels wichtich binne as briedgebiet, as tuskenstasjon by de trek of as oerwinteringsgebiet. Dêrfandinne stiet de soarte sûnt 2015 op 'e Reade List fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Strânljip
- Greidefûgel
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yslân

