Hebei
| Provinsje Hebei 河北省 Héběi Shěng | ||
| Polityk | ||
| lân | ||
| haadstêd | Shijiazhuang | |
| yndieling | 11 stedsprefektueren | |
| Sifers | ||
| ynwennertal | 74.610.235 (2020)[1] | |
| oerflak | 188.800 km2 | |
| befolkingsticht. | 395,2 ynw./km² | |
Hebei is in provinsje fan 'e Folksrepublyk Sina tusken Peking en Taiyuan. De haadstêd fan Hebei is Shijiazhuang. Yn 'e provinsje wenje likernôch 74,61 miljoen minsken (2020). It oerflak is likernôch fiif kear sa grut as dat fan Nederlân.
Hebei wurdt begrinzge troch de provinsjes Shandong, Henan en Shanxi, de autonome regio Binnen-Mongoalje en de Golf fan Bohai, dy't ûnderdiel is fan 'e Giele See. De stêdsprovinsjes Peking en Tianjin (earder Tientsin) wurde foar in grut part omklamme troch Hebei.
De provinsje is bekend om it keizerlik domein by Chengde, noardeastlik fan Peking. Dit gebiet yn 'e bergen mei ferskate paleizen en timpels wie sûnt 1611 de wichtichste simmerresidinsje fan 'e Qing-dynasty. It domein is troch UNESCO opnommen op 'e list fan Wrâlderfgoed.
Foar 1928 hiet de provinsje Zhili (of Chih-li). Yn dat jier feroare it sintrale regear fan 'e Republyk Sina de namme nei Hebei (itjinge "noardlik fan 'e rivier" betsjut). Yn dat jier ferhûze de haadstêd nei Nanjing en ferlear de regio syn status as streekrjocht bestjoer haadstedsk gebiet.
Grutste stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsien grutste stêden fan 'e provinsje mei ynwennertallen fan 'e stêd neffens de folkstelling fan 2020[2]
| rang | stêd | ynwennertal | rang | stêd | ynwennertal |
|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Shijiazhuang | 5.090.440 | 6 | Xingtai | 1.480.754 |
| 2 | Tangshan | 2.549.968 | 7 | Zhangjiakou | 1.339.384 |
| 3 | Handan | 2.095.134 | 8 | Langfang | 886.490 |
| 4 | Baoding | 1.940.384 | 9 | Hengshui | 885.468 |
| 5 | Qinhuangdao | 1.520.199 | 10 | Sanhe | 760.107 |
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


De bestjoerlike yndieling fan Hebei is as folget:
| Nû | Namme | Sineeske karakters | Hànyǔ pīnyīn | ||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Stedsprefektueren | |||||||
| 1 | Shijiazhuang | 石家庄市 | Shíjiāzhuāng Shì | ||||
| 2 | Baoding | 保定市 | Bǎodìng Shì | ||||
| 3 | Cangzhou | 沧州市 | Cāngzhōu Shì | ||||
| 4 | Chengde | 承德市 | Chéngdé Shì | ||||
| 5 | Handan | 邯郸市 | Hándān Shì | ||||
| 6 | Hengshui | 衡水市 | Héngshǔi Shì | ||||
| 7 | Langfang | 廊坊市 | Lángfāng Shì | ||||
| 8 | Qinhuangdao | 秦皇岛市 | Qínhuángdǎo Shì | ||||
| 9 | Tangshan | 唐山市 | Tángshān Shì | ||||
| 10 | Xingtai | 邢台市 | Xíngtái Shì | ||||
| 11 | Zhangjiakou | 张家口市 | Zhāngjiākǒu Shì | ||||
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grutte Muorre by Jinshanling.
- Mount Langya.
- Chengde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
