Springe nei ynhâld

Chhattisgarh

Ut Wikipedy
Chhattisgarh
छत्तीसगढ़
Dielsteat fan Yndia
De Chitrakote-wetterfal
De Chitrakote-wetterfal
Symboalen

Algemien
LânYndia
HaadstêdRaipur
Grutste stêdRaipur
Distrikten33
Befolking
Ynwennertal25.545.198 (2011)
Befolkingsticht.189 ynw./km²
TalenHindy en Chhattisgarhy (offisjeel)
ReligyHindoeïsme 93,3%
Islam 2,0%
Kristendom 1,9%
Geografy
Oerflak135.192 km²
Heechste punt250 - 1.276 m
Oar
Stifting1 novimber 2000
ISO 3166-2IN-CT
TiidsôneIST (UTC+5:30)
Offisjele webside
cgstate.gov.in
Kaart
De Chitrakote-wetterfal
Lokaasje fan Chhattisgarh yn Yndia

Chhattisgarh (likernôge útspraak: "tsjhattisgaar") is in dielsteat yn it sintrale easten fan Yndia. De steat grinzget oan Uttar Pradesh yn it noarden, Jharkhand yn it noardeasten, Orrisa yn it easten, Telangana yn it suden, en Maharashtra en Madhya Pradesh yn it westen. De namme betsjut letterlik "seisentritich kastielen", itjinge ferwiist oarspronklik nei de ferskate foarstedommen yn dit gebiet.

It noardlike en súdlike part fan Chhattisgarh bestiet út heuvellân en bergen, wylst it sintrale diel in fruchtbere flakte is.

De Chhattisgarh-flakte is it hert fan 'e steat, dêr't de rivier de Mahanadi trochhinne streamt. It is in wichtich lânbougebiet.

De Chitrakote-wetterfal yn it distrikt Bastar is de breedste wetterfal fan Yndia. Likernôch 44% fan 'e steat bestiet út bosk en dêrmei is de steat ien fan 'e grienste steaten fan Yndia.

Yn 'e âldheid stie de regio bekend as Dakshina Kosala. Yn 'e 11e iuw waard it gebiet bestjoerd troch de Kalachuri-dynasty. Letter foel it ûnder it Maratha-ryk oant de Britten it bestjoer oernamen yn 'e 19e iuw. Op 1 novimber 2000 waard Chhattisgarh in selsstannige dielsteat nei't sechtjin Hindy-pratende distrikten har ôfskieden fan Madhya Pradesh.

Befolking en Kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tradysjonele dûnsers yn 'e Bastar-regio.

De offisjele talen fan Chhattisgarh binne it Hindy en it Chhattisgarhy. Yn Chhattisgarhy wurdt troch de mearderheid fan 'e befolking as memmetaal praat en is nau besibbe oan it Hindy, mar mei eigen grammatikale foarmen en wurdskat. Yn 'e súdlike en noardlike heuvellannen wurde ek ferskate tribale talen praat, lykas it Gondy.

De kultuer fan Chhattisgarh is djip woartele yn 'e tradysjes fan 'e Adivasi (tribale folken), dy't likernôch ien tredde fan 'e befolking útmeitsje.

It grutste part fan 'e befolking is hindoe. Under de tribale mienskippen wurdt it hindoeïsme faak praktisearre yn kombinaasje mei animistyske rituelen en de ferearing fan lokale goaden en natoergeasten. In opfallende groep binne de Satnami's, in herfoarmingsbeweging yn it hindoeïsme mei in grutte oanhing yn 'e sintrale flakte.

Religy yn Chhattisgarh
Religy% (2001)% (2011)Ferskil (%)
Hindoeïsme94,7%93,3%-1,4%
Islam2,0%2,0%0,0%
Kristendom1,9%1,9%0,0%
Oars (Boedisme, Sikhisme, Jaïnisme)1,4%2,8%+1,4%

It grutste part fan 'e befolking fan 'e dielsteat wennet noch op it plattelân (likernôch 77%). Dochs groeie de yndustriële sintra hurd troch de mynbou en stielproduksje.

RangStêdDistriktYnwennertal (2011)
1Raipur (Haadstêd)Raipur1.010.087
2BhilaiDurg625.697
3BilaspurBilaspur330.106
4KorbaKorba311.890
5RajnandgaonRajnandgaon163.122

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chhattisgarh is ferdield yn 5 divyzjes (regio's) en hjoed-de-dei 33 distrikten (in oantal nije distrikten binne nei 2011 tafoege).

Yndieling fan 'e dielsteat.
DistriktHaadplakOerflak (km²)Inwennertal (2011)
Bastar Divyzje
BastarJagdalpur4.0301.413.199
BijapurBijapur6.555255.230
DantewadaDantewada3.411533.638
KankerKanker6.424748.941
KondagaonKondagaon7.768578.326
NarayanpurNarayanpur7.010139.820
SukmaSukma5.638250.159
Durg Divyzje
BalodBalod3.527826.165
BemetaraBemetara2.855795.759
DurgDurg2.2383.343.872
KabirdhamKawardha4.447822.526
Khairagarh-Chhuikhadan-GandaiKhairagarh--*
Mohla-Manpur-Ambagarh ChowkiMohla--*
RajnandgaonRajnandgaon8.0701.537.133
Raipur Divyzje
Baloda Bazar-BhataparaBaloda Bazar3.7341.305.343
DhamtariDhamtari4.084799.781
GariabandGariaband5.854597.653
MahasamundMahasamund4.7921.032.754
RaipurRaipur2.9144.063.872
Bilaspur Divyzje
BilaspurBilaspur3.5082.663.629
Gaurela-Pendra-MarwahiPendra2.307336.420
Janjgir-ChampaJanjgir4.4671.619.707
KorbaKorba7.1451.206.640
MungeliMungeli2.750701.707
RaigarhRaigarh6.5281.493.919
SaktiSakti--*
Sarangarh-BilaigarhSarangarh--*
Surguja Divyzje
Balrampur-RamanujganjBalrampur3.815730.491
JashpurJashpur6.484851.669
KoreaBaikunthpur5.978658.917
Manendragarh-Chirmiri-BharatpurManendragarh--*
SurajpurSurajpur4.998789.413
SurgujaAmbikapur5.7322.359.886
Totaal Chhattisgarh135.19225.545.198

*De sifers foar de aldernijste distrikten (stifte yn 2021/2022) binne noch fêstlein yn de memme-distrikten yn de tabel hjirboppe.

Yn Chhattisgarh wurdt in soad rys ferboud. Dêrnjonken is de steat ryk oan mineralen: de steat is in produsint fan stiel, stienkoal en izererts. Yn 'e steat stiet ien fan 'e grutste stielfabriken fan it lân, de Bhilai Steel Plant.

Wetterbuffels yn it Nasjonaal Park Indravati.

Likernôch ien tredde fan 'e befolking fan 'e steat bestiet út registrearre stammen (Scheduled Tribes), wêrûnder de Gonden de grutste groep foarmje. Harren tradysjonele libbenswize, dy't basearre is op it behâld fan it bosk, hat Chhattisgarh ta ien fan 'e meast beboske steaten fan Yndia makke. Tagelyk liedt de oanwêzigens fan grûnstoffen yn 'e tribale gebieten ta sosjale konflikten oer lânrjochten en mynbou.

Njonken nasjonale parken hat de steat noch in oantal reservaten, lykas Achanakmar, Sitanadi en Udanti. Achanakmar is ek in tige wichtich Biosfearreservaat. Foar de beskerming fan 'e tiger binne op it stuit fjouwer gebieten oanwiisd.

Nasjonale parken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia
Dielsteaten

Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen

Unyterritoaria

Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry

· · Berjocht bewurkje