Calais
Appearance
| Calais | ||
| Hôtel de Ville | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Opper-Frankryk | |
| Departemint | Nord | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 31.134 (2023)[1] | |
| Oerflak | 18,18 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.713 ynw./km² | |
| Hichte | 0–18 m | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 50° 56' N 1° 51' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.calais.fr | ||
| Kaart | ||
Calais (histoarysk yn it Frysk Kalês of Kales) is in stêd en gemeente yn Frankryk oan 'e Opaalkust by it Kanaal, dêr't de ôfstân tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk op it koartst is (it Nau fan Calais). Der wenje om-ende-by 67.000 minsken (2023).
By Calais, yn Sangatte begjint de Kanaaltunnel dy trochrint nei Dover yn Ingelân.
Eartiids makke Calais diel út fan it greefskip Arteesje. Troch de Ingelsen waard de stêd yn 1347 ferovere en wie oant en mei 1558 in Ingelske eksklave. Dêrnei kaam it yn besit fan 'e Frânsen. Fan 'e Spaanske Nederlannen út waard de stêd yn 1596 troch de Spanjerts ferovere en makke doe koart diel út fan 'e Nederlannen. De stêd waard yn 1598 by it Ferdrach fan Vervins weromjûn oan Frankryk.
Berne yn Calais
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ford Madox Brown (1821-1893), Ingelsk keunstskilder, yllustrator en ûntwerper fan meubels en brânskildere glês (Prerafaeliten)
- Louis Daquin (1908-1980), akteur en filmregisseur
- Jean Jakus (1919 - 2008), dirigint Koar fan de Europeeske Mienskippen
- Djezon Boutoille (9 novimber 1975), fuotballer
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1836 | 1856 | 1886 | 1906 | 1926 | 1954 | 1975 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 6.549 | 10.865 | 11.969 | 58.969 | 66.627 | 60.340 | 16.285 | 78.820 |
| Jier | 1990 | 1999 | 2011 | 2021 | ||||
| Ynwenners | 75.309 | 77.333 | 72.915 | 67.380 |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Teater fan Calais
- Pier fan Calais
- Us-Leaffrouwetsjerke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
